
Fryslân Lyrics
- Genre:Pop
- Year of Release:2024
Lyrics
Sjoch út oer it wetter, de sinne yn't gesicht
Fiel de kreft fan de ierde; fan Fryslân!
Wer't myn ienigste leafde my ferlitten hat
Lang ferlyn, myn hert ferlern, hjir yn Fryslân
Dêr liest do myn hân los, yn't skaad by it mar
Wêr't de sinne ûntergie, reade flammen
Yn it djip-pearse skaad wie dêr it einde fan ús paad
Ik bleaun stean, stram en star, heal ferlamme
Ik kom efter dy oan, ek al rinst do fier foarút
En ik wit dat ik thús kom, yn myn lân!
Wêr'k myn ienigste leafde nea wer yn myn earmen slút
Op dat moaie stikje ierde, yn Fryslân
Wylde blommen komme út, wylst ik lytse fûgels hjer
En it wetter sliept ûnder de sinne
Dochs in brutsen hert kin gjin twadde maitiid wer
Ek al tinkt it soms: ik bin d'r oerhinne
Ik kom efter dy oan, ek al rinst do fier foarút
En ik wit dat ik thús kom, yn myn lân!
Wêr'k myn ienigste leafde nea wer yn myn earmen slút
Op dat moaie stikje ierde, yn Fryslân
Ik kom efter dy oan, ek al rinst do fier foarút
en ik wit dat ik thús kom, yn myn lân!
Wêr'k myn ienigste leafde nea wer yn myn earmen slút
Op dat moaie stikje ierde, yn Fryslân
Op dat moaie stikje ierde, yn Fryslân