![Hjerst Yn'e Simmer](https://source.boomplaymusic.com/group10/M00/09/06/d6c77d73f04e4278ab23092de1d8b508_464_464.jpg)
Hjerst Yn'e Simmer Lyrics
- Genre:Rock
- Year of Release:2022
Lyrics
It is hjerst yn e simmer mar it is net kâld
Gjin reade blêdsjes oer de hiele wrâld
Dit is gjin goeie simmer foar dy en my
Wie dizze simmer gau wer wei
Tegeare yn in hûske op in terp
Do hiest in bek as in skearmes wat wiesto skerp
Mar ik wie dat net en do bedriegest my
Wie dizze simmer mar gau foarby
De blêdsjes falle jit net
Mar ik des te mear
Do belazerst mar troch kear op kear
Ik jou dy op dyn donder en dan wurdsto lulk
Noch griener as in bierkrat lykas de Hulk
Ik doch neat ferkeard Nee it leit oan dy
Wie dizze simmer mar gau foarby
It is hjerst yn e simmer mar it is net kâld
Gjin reade blêdsjes oer de hiele wrâld
Dit is gjin goeie simmer foar dy en my
Wie is dizze simmer gau wer wei
Do wiest it famke fan myn dreamen ja alles wie top
En dan fliksto my dit ach soademiter op!
Ik kin dy net mear ferdrage gean asjebleaft hjir wei
Wie dizze simmer mar gau foarby
Do frijtst mar yn it rûn dus ik doch dat ek
En dan wolst my werom Ik lykje wol gek
No bisto fuort dus ik bin frij
En dy hjerstige simmer is foargoed foarby